Hinrich Johannes Rink

Hinrich Rink

Hinrich Johannes Rink (Kopenhagen, 26 augustus 1819Kristiania, 15 desimber 1893) wie in Deensk geolooch en pionier op it mêd fan de glasiology. Hy wie de earste dy't in sekuere beskriuwing fan it lâniis fan Grienlân joech.

Rink gie foar it earst nei Grienlân yn 1848. Hy brocht 16 winters en 22 simmers troch yn it Noardpoalgebiet en waard in wichtich persoan foar de ûntwikkeling fan Grienlân. Hy waard in saakkundige oer Grienlân en bestjoerder dêre, tsjinne as Keninklik Ynspekteur fan Súd-Grienlân en waard dêrnei direkteur fan de Keninklike Grienlânske Hannelsôfdieling (Den Kongelige Grønlandske Handel). Mei de 'Rieden fan tafersjoch (Forstanderskaber) yntrodusearre Rink de earste stappen yn de rjochting fan in Grienlânsk selsbestjoer.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy